Rienster Rikkers Frysk Kampioen Ielrikjen 2016

De Rienster Rikkers hawwe sneon 27 augustus de titel Frysk Kampioen Ielrikjen 2016 binnenhelle by it FK Ielrikjen yn Tsjalbert. Fan de 54 dielnimmers waard harren iel as bêste beoardield troch de sjuery.

Mar dêr bleaun it net by. Om't de Rienster Rikkers rikje mei 3 tonnen wie der ek 3 kear kâns. Neist de kampioenstitel mochten de rikkers ek de 2e en 5e priis mei nei Rien ta nimme. Dêrnjonken krigen de rikkers de 1e priis foar it skjinste gehiel mei harren oanklaaiïng.
De ôfrûne jierren sieten de Rienster Rikkers mei harren iel faak by de earste 6, de kampioenstitel mochten se ien kear op harren namme skriuwe yn 2005.

It FK ielrikjen waard dit jier foar de 23e kear organisearre. Nij dit jier wie dat eltse rikker foarôfgeand oan de wedstriid mei 10 iel by de organisaasje del moast, dy't yn dizze iel in nûmer sloech. Dêr't de rikkers yn foargeande jierren frije kar hiene hokker iel út harren tonne nei de sjuery gong, wie de kar no beheind ta de 10 iel mei in nûmer, dêr't der 5 fan nei de sjuery moasten.

.
0